Seniorenmorgen, 11 maart 9.30 uur
Welkom in Ons Huis te Deinum
SENIOARENMOARN 11 MAART 09.30 OERE YN ONS HUIS
FEROARINGS YN ÚS DOARPEN DE JIERREN TROCH
As wy oan ús bernejierren tinke, hoe’t it op skoalle om en ta gie en hoe’t
ús pake en beppesizzers hjoed-de-dei ûnderrjocht krije, dan is dat nacht
en dei ferskil. As wy yn gedachten werom geane nei it libben yn ús doar-
pen yn ús jongereintiid, wat is der wat feroare! Sjogge wy 60 jier tebek
nei hoe’t ús wen-omkriten der doe út seagen… wy kinne it no net mear
werom. Ek yn ús tsjerklike gemeente(n) is in soad oars wurden.
Ien dy’t in protte feroarings fêstlein hat is Douwe Gerbens. Hy docht in
greep út syn diasamling en fertelt ús by moaie bylden oer it libben
fan doe en no. Op 11 maart stiet de doar fan Ons Huis iepen foar ús
fêste ploech en as jo in gast meinimme wolle of út josels ris sjen wolle
… elkenien is tige wolkom. It begjint om healwei tsienen.
De kommisje