Leerhuis | Learhûs mei ds Liuwe Westra
De tsjerke fan ’e earste iuwen seach der oars út as de tsjerke no. Tsjerkegebouwen wiene der noch net, feitliken wie de tsjerke in heal yllegale bewegintg. Dochs slagge it de lju om in wrâldwiid netwurk op te bouwen dat meiinoar ferbûn wie. Hoe koe dat? In wichtige rol spilen dêrby wat wy no noch de sakraminten neame: doop en nachtmiel.
Yn twa jûnen sil Liuwe Westra út Lollum wat fertelle oer hoe’t dy beide ritúelen derút seagen yn ’e begjintiid fan ’e tsjerke. Der binne fansels grutte ferskillen mei hjoeddedei, mar de basis is, gelokkich, noch altyd itselde.
Op ’e jûnen hoopje wy ek in bytsje better te begripen wêrom oft wy de dingen dogge sa’t wy se no dogge mei doop en nachtmiel. En mooglik belibje jo it aansen wol in bytsje oars, as der yn ’e gemeente wer ien doopt wurdt, of jo partsje meiinoar as gemeente brea en wyn!
Data: Maandag 3 en 17 februari 2025
Plaats: Ons Huis, Deinum
Tijd: 19.30 uur
Leiding: Ds. Liuwe Westra
Opgave: activiteiten@terpoarte.nl
Sint Janskerk, Deinum
Tsjerkepaed 3
9033 WZ Deinum
Koster Boksum
P. Bouwma
06 – 57 64 89 38
058 – 254 2232
Koster Blessum
P. Otter
06 – 37 42 22 88
Koster Deinum
A. Bouwma-Postma
06 – 23 61 03 39
058 – 254 2232
© Copyright Terpoarte Privacy statement ANBI