Lezing | Marga Claus
Marga Claus (Ljouwert, 1955) debutearret yn it jier 2000 mei Oxzana, ferhaal fan in flechtling, in roman dy’t spitichgenôch noch hieltyd aktueel is. Dêrnei folgje in oantal romans dy’t of wol biografyske- of autobiografyske fiksje binne.
Sa ek har nijste roman LIBBE, dy’t foar in part basearre is op it libben fan har heit. De mjoks fan feiten en fiksje jout har alle frijheid mei it skriuwen. LIBBE giet oer in man fan oer de njoggentich, dy’t alle dagen in oere sport en wa-wit dêrom sa sûn en blier nei de hûndert skarrelet. Syn dochter Gryte bewûnderet dy libbenshâlding. Se wurdt dan ek slim ûngerêst as de buorfrou berjocht jout dat Libbe by it oanbeljen de doar net iepen docht…
Hoewol’t Claus al in pear jier pinsjoenearrre is wat har wurk yn it folwoeksenenûnderwiis oanbelanget, begeliedt se noch hieltyd groepen mei libbensferhaalskriuwers. Dat docht se op woansdeitemiddei by Tresoar en op in oar deidiel yn Huzum-West. In pear jier lyn wie ek de finzenis har wurkterrein. Yn Huzum-West is se ferbûn oan it buertynisjatyf Wilde Wijk, dat sosjaal-kulturele aktiviteiten organisearret foar de bewenners, mei as haaddoel mear ûnderlinge kontakten en ferbining.
Foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl
Datum: Woensdag 29 januari 2025
Plaats: Ons Huis, Deinum
Tijd: 19.30 uur
Opgave: Niet nodig
Toegang: Vrij
Sint Janskerk, Deinum
Tsjerkepaed 3
9033 WZ Deinum
Koster Boksum
P. Bouwma
06 – 57 64 89 38
058 – 254 2232
Koster Blessum
P. Otter
06 – 37 42 22 88
Koster Deinum
A. Bouwma-Postma
06 – 23 61 03 39
058 – 254 2232
© Copyright Terpoarte Privacy statement ANBI