Simmer 2023 dogge ús tsjerken ek wer mei oan Tsjerkepaad: De tsjerkedoar stiet iepen foar besikers. Tsjerkepaad 2023 is fan sneon 1 july oant en mei sneon 9 septimber fan 13.30 oant 17.00 oere. Yn Boksum en Blessum is de tsjerke- doar troch de wike ek los, yn Deinum yn it simmerskoft op sneontemiddei. Yn Deinum is dan in nijsgjirrige útstalling te sjen oer symbolyk yn tsjerke en op de prachtige grêfsarken yn it koar. Moai foar doarpsgenoaten èn gemeenteleden om dy iepen middeis ekris yn tsjerke te kommen. Meastal stiet de tee of kofje ree om efkes noflik te sjen en in praatsje te meitsjen.
Besikers hearre graach in ferhaal oer de histoarje fan tsjerke en doarp. Skriftlike ynformaasje is oanwêzich en kaarten binne te keap yn tsjerke.
Wa ’t meidwaan wol as gastfrou of gasthear is tige wolkom en kin har/him opjaan by Femmy Bouma (tel. 2542132) of Douwe Gerbens (tel. 2541570)
Sint Janskerk, Deinum
Tsjerkepaed 3
9033 WZ Deinum
Koster Boksum
P. Bouwma
06 – 57 64 89 38
058 – 254 2232
Koster Blessum
P. Otter
06 – 37 42 22 88
Koster Deinum
A. Bouwma-Postma
06 – 23 61 03 39
058 – 254 2232
© Copyright Terpoarte Privacy statement ANBI