Tsjerkepaed
Yn ‘e simmer is de doar fan de Sint Janstsjerke yn Deinum alle sneontemiddeis iepen fan 13.30 – 17.00 oere mei Tsjerkepaad. It begjint op 5 july en it hâldt op nei it iepen monumintewykein fan 13 en 14 septimber.
Besikers hearre graach nei it ferhaal fan it âlde tsjerkegebou en hoe ’t it komt dat Deinum in sipel op ‘e toer hat. De prachtige grêfstiennen yn it koar mei hielwat symbolyk wurde ek tige bewûndere en roppe nijsgjirrige fragen op. It libben fan de tsjerklike gemeente binne besikers gauris benijd nei.
Antwurden op sokke fragen binne te finen yn it boekje oer de histoarje fan de tsjerke of op in stinsel dat besikers al lêzende by it besjen brûke kinne. Gastfrou of gasthear wêze, is dat wat foar jo?
Mar it moaiste is fansels dat der gastfroulju of gasthearen yn de tsjerke binne om by in bakje kofje of tee in praatsje mei besikers oan te gean of te hearren nei de opmerkings of ferhalen fan de kommende en geande man of frou. Foaral as it âld-doarpsgenoaten binne, dy’t wat fan it doarp of streek witte wolle.
Yn de tweintich jier dat Tsjerkepaad bestiet, is it yn Deinum altyd slagge op dy sneontemiddeis minsken yn tsjerke te hawwen, dy’t besikers wolkom hjitte. De lêste jierren wurdt dat wat dreger. Yn in libbene gemeente hoecht dit gjin probleem te wêzen. Nije gesichten derby binne tige wolkom! It is moai wurk, net te dreech en it jout foldwanning. Jo kinne jo opjaan foar inkele middeis of heale middeis.
De datums yn 2025 binne:
5, 12, 19 en 26 july.
2, 9, 16, 23 en 30 augustus.
6, 13 en 14 septimber.
Opjefte adressen:
Ina Kuipers-Kiel (254 1388) en Douwe Gerbens (254 1570).
Alle jierren is der yn de Deinumer tsjerke ek in útstalling mei Tsjerkepaad. Dat sil yn 2025 ek sa wêze. Yn in Trjilling tichterby de simmer sil út de doeken dien wurde wat it ûnderwurp wurdt.
Sint Janskerk, Deinum
Tsjerkepaed 3
9033 WZ Deinum
Koster Boksum
P. Bouwma
06 – 57 64 89 38
058 – 254 2232
Koster Blessum
P. Otter
06 – 37 42 22 88
Koster Deinum
A. Bouwma-Postma
06 – 23 61 03 39
058 – 254 2232
© Copyright Terpoarte Privacy statement ANBI