OARGELTOCHT
!!Helaas gaat de orgeltocht NIET door!!
OARGELTOCHT DEINUM-BLESSUM-BOKSUM SNEON 1 JUNY 2024
It oargel sintraal
“IN WÛNDER FAN MUZIKALE TECHNYK”
Dizze wurden passe by de magistrale technyk en klank fan tsjerke-oargels. Hoe sit sa’n oargel ynelkoar, hoe komme sa’n grienmank fan lûden út sa’n grut myzykynstrumint? Hoe sjocht it der fan binnen út? Is der in soad romte om de pipen hinne?
Allegear nijsgjirrige fragen. Dêr kinne jo antwurd op krije!
Útnûging !!!Helaas gaat de orgeltocht niet door!!
Op sneontemiddei 1 juny is der in OARGELTOCHT by ús trije tsjerken lâns. Oargelrestaurateur Dirk Riedstra út Deinum sil fan alles útlizze en fertelle oer ús trije tsjerke-oargels. Ek sille de muzikale mooglikheden fan de oargels demonstrearre wurde. It begjint om:
13.30 oere yn de Sint Jan fan Deinum.
15.00 oere yn de Marijetsjerke fan Blessum
15.45 oere yn de Sint Margryt fan Boksum
In ‘drankje’ mei in hapke is ûnderweis yn in tsjerke te krijen.
Dit is in inisjatyf dat hjir noch net faak earder plakfûn hat. Dêrom meld jo oan, jo binne tige wolkom om dit mei te meitsjen en…miskien mei josels ek wol de oargeltoetsen efkes beroere!
Wol graach eefkes opjaan foar 28 maaie as jo meidwaan wolle op: